Kadoboek fan Sietse de Vries

04 nov 2011 - 10:00

Sietse de Vries skriuwt it kadoboek fan takom jier. It kadoboek is yn de Moanne fan it Fryske boek fergees te krijen by oankeap fan tsien euro oan Fryske boeken. De Moanne fan it Fryske boek is takom jier fan 14 septimber oant en mei 14 oktober. Sietse de Vries wurket as sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Hy debutearre yn 1998 mei De boargemaster. Dêrnei folgen noch fiif titels, wêrûnder in berneboek. Ek hat er in toanielstik skreaun.

(advertinsje)