Dit jier gjin stoarm: seegerssied yn Waadsee slacht oan

06 jun 2018 - 15:11

Yn maart ha ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins seegers siedde op it waad by It Gryn, 12 kilometer súdlik fan Skylge. Dat bart mei spuiten, wêrmei't in mingsel fan sied en slyk yn de grûn brocht wurdt.

Seegers op it Gryn - Foto: Sanne van Germerden

Ferline jier is inselde soart proef dien, mar doe gong der op 6 juny in swiere stoarm oer it waad en spielde al it sied fuort. De proef mislearre doe hielendal. Mar no reagearret ûndersiker Laura Govers optein: "We zijn in een voorlopige jubelstemming, want je weet nooit wat het weer doet. Als we geen storm meer krijgen, is er goede hoop dat de zaailingen uitgroeien tot volwassen planten."

Ik doe al 9 jaar onderzoek naar zeegras, maar het is zo interessant, wat mij betreft komen daar nog 39 jaar bij.

Seegersekspert Laura Govers
Undersikers plantsjes seegers oan op it Gryn - Foto: Laura Govers

De ûndersikers ûntdutsen ûnder oare hoe't se foarkomme kinne dat it sied oantaaste wurdt troch in skimmelsykte. Dêrfoar moat it sied behannele wurde mei kopersulfaat. It Waadfûns draacht de kommende fjouwer jier 475.000 euro by oan ekstra ûndersyk.

Dan moat ûnder oare dúdlik wurde hoe't it kin dat seegers it yn it Dútske diel fan it waad it wol goed docht, en yn it Nederlânske part net. Neffens Laura Govers hat dat nei alle gedachten te meitsjen mei minder fersmoarging yn it wetter yn it Dútske waad.

Wilens wurket Natuurmonumenten mei ferskate eksperiminten mei it werstel fan seegers op it waad by Skiermûntseach, by It Gryn en op it Uithuizerwad. Gover docht al njoggen jier ûndersyk nei seegers. "Wat mij betreft komen daar nog 39 jaar bij!"

Trefwurden: 
Waadsee It Gryn seegers
(advertinsje)