Leafdesbrieven fan Jaap Broersma nei Tresoar

06 jun 2018 - 14:59

Trije kear yn de wike skreaunen se inoar in brief. En dat trije jier lang. It wie de iennige wize om goed de tiid troch te kommen yn Ynje, sa seit Jaap Broersma fan Ie. Hy skreau se oan syn grutte leafde Minke Bosgraaf. De twatûzen brieven dy't se inoar stjoerden, binne allegear bewarre en wurde freed oanbean oan histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Jaap en Minke begûnen te skriuwen doe't er noch legere wie yn Ljouwert. Yn 1947 moast hy nei Nederlânsk-Ynje. Dêr wie hy ferantwurdlik foar de itensfoarsjenning nei de soldaten oan it front. Jaap Broersma wie yn dy tiid begjin 20. "Je moatte je foarstelle dat je in jong man binne fan begjin 20 dy't dan fereale rekket op in faam. En doe moast ik fuort."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De brieven wiene myn alles.

Jaap Broersma

Brieven as ôflieding

De post wie net betrouber. Somtiden kamen der 25 brieven tagelyk. "Dan wie it fleantúch mei de post wer tsjinhâlden", seit Broersma. "De brieven wiene myn alles. Dêr libben je op. En dêr koest dyn langstme yn uterje. Dyn langstme nei thús, nei dyn faam, en dat diest ek."

Yn de brieven fan Broersma is dat ek goed werom te finen. Se brûke leave wurden foar inoar. "Ik ha, as ik it no wer lês, fan ien wurd spyt: smoezemoes. Dat wie myn poppenamme foar Minke. Dy brûkte ik wat tefolle. Ik wie ek wol wat emosjoneel."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Wearde

De brieven lizze no yn de klûs by Tresoar. Dêr binne se der wiis mei. In frijwilliger hat de brieven útsocht en op datum lein. De brieven ha ek histoaryske wearde, seit Otto Kuipers fan Tresoar. "It jout in goed byld fan it libben ein jierren 40. Se skriuwe oer fan alles en noch wat. It leauwe, de famylje, doarpsgenoaten, de leafde en it langstme nei mekoar. Dat komt yn al dy brieven werom. Dat makket it wol hiel bysûnder", seit Kuipers.

Net iepenbier

De brieven binne noch net iepenbier. Mei Broersma is ôfpraat dat se net earder as nei syn dea beskikber komme. De brieven binne al gearfette yn in boek fan skriuwer Reinder Postma, Liefde tussen Kollum en Perak.

(advertinsje)
(advertinsje)