Deselde eask yn heger berop tsjin fertochte dongsilodrama Makkingea

Tsjin de fertochte fan it dongsilodrama yn Makkingea is woansdeitemiddei yn heger berop 240 oeren wurkstraf, ien jier sel ûnder betingst en in boete fan 100.000 euro easke. Dat is deselde straf dy't de rjochtbank de eigener fan it skjinmakbedriuw earder al oplein hie.
Neffens de advokaat-generaal kin it drama fan 19 juny 2013 folslein taskreaun wurde oan de fertochte. Dy gie yn heger berop om't er de feroardieling net terjochte fûn.

Trije deaden

By it skjinmeitsjen fan de dongsilo by in boerebedriuw kamen fiif jier ferlyn trije minsken om it libben. De eigener fan it skjinmakbedriuw, dy't ferantwurdlik holden wurdt foar it deadlik ûngelok, is ferline jier troch de rjochtbank yn Zwolle feroardiele.