Plysje pakt betize man op yn Ljouwert

06 jun 2018 - 13:24

De plysje moast woansdei oan it begjin fan de middei mei kûgelfrije festen útride foar in melding oer in sjitpartij yn it sintrum fan Ljouwert.

Foto: Kevin Hoogterp

In man hie yn in appartemintegebou oan de Nieuweburen meld dat der sketten wie. Omlizzende winkels moasten fan de plysje tydlik de doarren ticht dwaan. Nei ûndersyk die bliken dat it om in betize man gie. Hy is meinaam troch de plysje.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert betize man
(advertinsje)