Nij Hiddum-Houw kin eins net útsteld wurde

06 jun 2018 - 13:15

It wynpark Nij Hiddum-Houw kin eins gjin útstel mear ha, ek al fiele guon yn Provinsjale Steaten dêr wol foar nei de harksit fan tiisdeitejûn. Sjoerd Mensonides fan eigener wynpark Gooyum-Houw BV út Koarnwert stelt dat it proses no ek al hiel lang duorre hat.

De VVD en ek de PvdA lieten trochskimerje dat se de beswieren fan omwennners hiel serieus nimme. Dy sizze dat it leven fan de mega-wynturbines fan mear as 200 meter heech sûnensklachten feroarsaakje kin. Dêrnjonken jout ek de ferljochting en it slachskaad fan de wjukken problemen.

Takom wike moandei is diel twa fan de harksit oer wynpark Nij Hiddum-Houw. Yn totaal ha dan hast 50 beswiermakkers oan it wurd west.

By de kop fan de Ofslútdyk moatte 9 wynmûnen komme, dy't yn totaal 36 megawatt wynenerzjy opwekke sille. Mensonides fan Gooyum-Houw BV seit dat it projekt eins gjin útstel mear ha kin. Ek Nuon Wind Development BV is eigener fan it nije wynpark.

(advertinsje)