VC Sneek hat nije seleksje rûn

VC Sneek giet it nije follybalseizoen yn de earedifyzje yn mei seis nije spylsters. Fiif dêrfan komme fan Veracles, in topdifyzjeklup út Grins. Ek de nije trainer, Paul Oosterhof, komt fan dy feriening. Hy nimt dus hast de helte fan de seleksje mei nei Snits.
Ut it twadde team fan VC Sneek streamt allinne Sietske Osinga troch nei de seleksje. Fan meardere spylsters wie al bekend dat se op syk soene nei in nije klup. Sa giet Anniek Siebring nei in klup yn Dútslân, Paula Boonstra sil yn België spylje en Lotte Groninger hat tekene by VC Zwolle.

Dupe

Mei dizze ynfolling fan de seleksje wykt VC Sneek ôf fan it belied om safolle mooglik eigen (jeugd)spylsters de kâns te jaan har op earedifyzjenivo te bewizen. Ien fan de spylsters dy't de dupe wurden is fan dizze nije koers, is Demi Veenstra. Sy siet ferline jier wol by de seleksje en waard dêr no bûten set. Sy hat der foar keazen om oer te stappen nei VC Boalsert, dat krekt promovearre is nei de earste difyzje.
Ek foar twadde teamspylster Sjanet Wynia wie it in grutte teloarstelling dat se net trochskowe mocht nei it earste. Wynia bliuwt har klup wol trou, mar sil it noch in jier yn it twadde dwaan moatte.