Buske oer de kop, bestjoerder rekket ferwûne

06 jun 2018 - 13:06
Foto: De Vries Media

Op de krusing fan de Susterwei mei de Polderdyk yn De Tike is oan de ein fan woansdeitemoarn in auto yn botsing kaam mei in bestelbuske. It buske sloech dêrtroch oer de kop. De bestjoerder is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs. Auto en buske rekken swier skansearre en binne fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok buske
(advertinsje)