50Plus hat fragen oer Bidbook mei Frysk kultureel oanbod

06 jun 2018 - 13:04

De Steatefraksje fan 50Plus wol witte wat der oant no ta dien is oan it meitsjen fan in Bidbook mei it Frysk kultureel oanbod. Ek wol fraksjefoarsitter Waterlander witte wannear't it Bidbook klear is en hoe't de Steaten hjiroer op de hichte hâlden wurdt.

Provinsjale Steaten naam foarich jier mei grutte mearderheid in moasje fan de partij oan foar it meitsjen fan it Bidbook. Dat soe dan offisjeel as Fryske Kulturele regio oanbean wurde moatte oan de Rie foar Kultuer en oare organisaasjes. Neffens 50PLUS is der haast by omdat de plannen foar 1 novimber yntsjinne wurde moatte.

(advertinsje)