Fries Wim-Jan Renkema foar GrienLinks yn Twadde Keamer

Wim-Jan Renkema komt foar GrienLinks yn de Twadde Keamer op it plak fan it opstapte keamerlid Rik Grashoff. Renkema is yn Drachten berne en wennet yn Meppel.
Grashoff moat de keamer ferlitte omdat hy net earlik wie oer syn relaasje mei partijfoarsitter Marjolein Meijer. Renkema is bestoersfoarsitter fan ûnderwiiskoepel Ambion op It Hearrenfean. Hy is sûnt 1990 aktyf yn GrienLinks en kaam by de ôfrûne keamerferkiezings krekt nét yn de Twadde Keamer. Renkema wurdt nije wike ynstallearre.