Truckerrydbewiis is hieltyd populêrder

06 jun 2018 - 12:37

Der is in grut ferlet oan frachtweinsjauffeurs en dat fernimme de rydskoallen ek. It ôfrûne jier is it oantal eksamens lanlik sjoen mei 24 prosint tanaam.

By Verkeersschool Hielkema op It Hearrenfean is de animo foar rydlessen sa grut dat der meardere groepen ûntstien binne. It past oars net mear yn it klaslokaal. Der sitte ûngefear tweintich learlingen yn in groep, wylst it yn it ferline protte foarkaam dat der yn totaal in stik of sân learlingen wiene.

De economie trekt aan en er is een schrijnend tekort aan chauffeurs. Ik denk dan mensen hun kansen zien.

Dorien Brouwer-Hielkema fan Verkeersschool Hielkema

Hielke de Jong is ien fan de learlingen dy op dit stuit dwaande is foar it frachtweinrydbewiis. Hy hopet noch ûngefear fjouwer rydlessen nedich te hawwen foar it eksamen. De Jong hat goed yn de gaten dat der protte wurk te finen is as frachtweinsjauffeur en hat der ek protte nocht oan.

(advertinsje)