Rekôrtal fûgelsoarten sjoen yn Ljouwert

Fûgelers yn Ljouwert hawwe in rekôrtal fûgelsoarten sjoen yn de gemeente. Sy seagen yn 24 oeren tiid 115 ferskate soarten fûgels. Dat wie op in nij evenemint, mei de namme Big Day. Doel is om yn ien dei safolle mooglik fûgels yn in bepaald gebiet te spotten. Twa teams namen it op 26 maaie tsjin elkoar op yn Ljouwert. De winners seagen 115 fûgelsoarten, it oare team 98.
© It Fryske Gea
Hichtepunt wie de ûntdekking fan in reade mosk yn de Grutte Wielen. Dy wie noch net earder sjoen yn Ljouwert. Boppe de Alde Feanen fleach de see-earn en fisk-earn.

Noed

Nettsjinsteande it grut tal fûgelsoarten dat sjoen waard, meitsje de inisjatyfnimmers har soargen oer de fûgelstân yn de gemeente Ljouwert. Hieltyd mear fûgels hawwe it dreech, ûnder oare trochdat se bedrige wurde troch bisten as de foks en de stienmurd.