Fertochte dongsilodrama: "Zonder spuiwater was dit ongeluk niet gebeurd"

06 jun 2018 - 12:03

"Ik weet precies hoe ik moet werken en dat breng ik over op mijn personeel," sei de fertochte fan skjinmakbedriuw Heeres Mix en Pomp Techniek fan Abbegea woansdei by it gerjochtshôf. Dêr tsjinnet it heger berop yn de dongsilo-saak. Fiif jier lyn kamen trije mannen om by in ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea. It gie om twa wurknimmers fan it skjinmakbedriuw en de soan fan de feehâlder.

Spuiwetter

De fertochte sei it hiel swier te finen dat de neibesteanden him it ûngelok kwea ôfnimme. Ek sei er dat er him noait ferdjippe hat yn needmaatregels. "Maar met mijn 25 jaar ervaring kan ik mijn werknemers goed instrueren waar de gevaren zitten."

Yn de dongsilo lei in laach fan njoggentich sintimeter dong. Dat wist er net. "Dat heeft de boer me niet verteld."

Auke Zeldenrust folget de saak

Foto: ANP

Neffens him wist de boer dat er spuiwetter yn de silo siet en dat dat libbensgefaarlik wie. Spuiwetter wurdt brûkt as dongstof en is in goedkeape ferfanger fan keunstdong. De boer hie him warskôgje moatten en dat is net bard. "Dat is niet te bevatten. De veehouder heeft zijn eigen zoon verloren". Sûnder spuiwetter wie dit ûngelok net bard, neffens de fertochte.

Fjouwer tsjûge-saakkundigen ha ûndersyk dien en diele dy útkomsten mei it Hôf. Neffens ien fan har is it mooglik dat spuiwater in rol spile hat by it ûntstean fan gifstoffen, mar yn watfoar mate is dreech fêst te stellen.

Auke Zeldenrust folget de saak.

It Iepenbier Ministearje ferwyt de fertochte dat er him net oan de regels hâlden hat en dat er syn personiel net goed beskerme hat. De rjochtbank hat him feroardiele ta 240 oeren taakstraf, in boete fan in ton en in jier selstraf ûnder betingst. De fertochte gie yn berop om't er de feroardieling ûnterjochte fynt.

(advertinsje)