Hast 10.000 tekkens ynsammele foar wrâldrekôr

06 jun 2018 - 10:59

It ferbinen fan minsken troch it haken. Dat is it grutste doel fan it kulturele haadstêdprojekt 'De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld'. Dat ek it wrâldrekôr fan de grutste haakte tekken februtsen wurdt, is bysaak. Dat fine inisjatyfnimsters Esmeralda de Vries en Monique van der Hoek. Se binne al fjouwer jier dwaande mei it projekt, dat op 14 en 15 july ta in hichtepunt komt. Dan wurde alle tekkens oan elkoar fêstmakke sadat it ien grutte megatekken is. Hy komt te lizzen by Park Vijversburg yn Tytsjerk.

Wrâldrekôr

Op it stuit wurde de lêste haakte tekkens noch út it hiele lân ophelle en nei de opslach yn it âlde tydlike provinsjehûs yn Ljouwert tabrocht. Hjir wurde de tekkens troch frijwilligers labele en fotografearre. Der lizze no 9.600 tekkens en de ferwachting is dat se oer de 10.000 hinne geane. It rekôr leit op 8.000 tekkens. Der binne yn hiel Nederlân 150 ynleverpunten dêr't de tekkens weihelle wurde. Ek komme der tekkens út it bûtenlân, sa as Malta, Ruslân, Bûtan en Litouwen.

In lyts part fan de tekkens yn opslach - Foto: Omrop Fryslân

Hakende âlderein

Ien fan de plakken dêr't de ôfrûne twa jier haakt is, is soarchsintrum Almenum yn Harns. De bewenners hjir ha sa'n 125 tekkens makke, dy't ôfrûne moandei ophelle waarden. Eltse tekken bestiet út 250 fjouwerkantsjes. Dat betsjut dat de âlderein fan Almenum yn twa jier tiid mear as 30.000 fjouwerkantsjes haakt hat.

Goede doelen

Alle tekkens geane úteinlik nei goede doelen. Net nei de grutte organisaasjes sa as Oxfam Novib of it Reade Krús. "Die hebben er geen belang bij. Want ze leveren aan het buitenland en moeten dan vervoerskosten maken. Bij ons draait alles op vrijwilligers en we hebben geen geld voor vervoer. Bovendien kopen de grote organisaties vaak de dekens lokaal in'', fertelt Monique. De tekkens geane nei lytsere goede doelen. "Zoals een echtpaar uit Franeker dat de dekens meeneemt naar Hongarije.''

(advertinsje)