Fertochte oanholden foar bedriging mei mes
De plysje hat tiisdeitejûn tsjin 19.00 oere in 31-jierrige fertochte oppakt dy't mei in mes drige. Dat wie yn de Robinsonstrjitte yn de stêd. De plysje waard warskôge dat de fertochte dêr mei in mes omrûn.
Oan de hân fan it sinjalemint koe de plysje de fertochte eefkes letter oanhâlde oan de Wurdumerdyk. Omdat de fertochte yn 'e war wie, skeakele de plysje de helpferliening yn. It mes is yn beslach naam.