Keninklike ûnderskieding foar Corry Helfrich

06 jun 2018 - 10:00

Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen hat tiisdei in keninklike ûnderskieding útrikt oan de 62-jierrige Corry Helfrich-Hiemstra út Surhústerfean. Dat die er op in byienkomst ta eare fan it 60-jierrich bestean fan kuorbalferiening It Fean yn Surhústerfean.

Frou Helfrich is al 45 jier frijwilliger by de feriening, ûnder oare as jeugdtrainer, skiedsrjochter en bestjoerslid. Se hat har ek jierrenlang ynset foar de tennisferiening fan Surhústerfean en docht se frijwilligerswurk by iepenloftswimbad Wettervlecke. Dêr is se ûnder oare bestjoerslid.

Corry Helfrich is lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau wurden.

(advertinsje)