Fúzje CDA yn Friese Meren

04 nov 2011 - 09:05

De ôfdielings fan it CDA yn Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat fusearje fanwege de gemeentlike weryndieling. In oergongsbestjoer moat in ferkiezingsprogramma meitsje, in kampanje organisearje en in kandidatelist meitsje foar de earste ferkiezings yn de nije gemeente de Friese Meren. Ald-wethâlder Dirk Hylkema fan Skarsterlân is foarsitter fan it oergongsbestjoer. De offisjele fúzjedatum fan de CDA-ôfdielings is 1 jannewaris 2014.

(advertinsje)
(advertinsje)