Waadeilannen hawwe measte winkels en hoareka de ynwenner

De fjoertoer fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Omrekkene nei it tal ynwenners binne op de Waadeilannen de measte winkel- en hoarekafêstigingen, dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Op de eilannen binne hast acht kear safolle hoarekagelegenheden per 1.000 ynwenners as yn hiel Nederlân en trije kear safolle winkels.
Flylân giet dêrby oan kop, mar ek de oare Waadeilannen stean lanlik sjoen yn de top seis. Neffens it CBS binne der op de eilannen in soad kleanwinkels, winkels yn rekreaasje-artikels en sûvenirwinkels.