Mooglik mear aksjes by de wetterskippen

06 jun 2018 - 08:56
Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der komme mooglik mear aksjes by de wetterskippen. Tiisdeitejûn rûnen ûnderhannelingen oer in nije cao fêst. Grutste stroffelblok dêrby is de leansferheging. It bod fan fjouwer prosint dat de Unie van Waterschappen docht is foar de fakbûnen net genôch. Earder wiene der al aksjes by ôfsûnderlike wetterskippen, de fakbûnen peile no de leden oer in lanlike aksje.

By de wetterskippen wurkje sa'n 10.000 minsken, har cao is yn jannewaris ferline jier al ferrûn.

Trefwurden: 
CAO wetterskip
(advertinsje)