Fiskers sette heal miljoen jonge iel út by Wâldsein

06 jun 2018 - 08:40

Fryske beropsfiskers sette woansdeitemoarn by Wâldsein in heal miljoen jonge iel út yn it Fryske wetter. Doel fan it útsetten is it ferbetterjen fan de ielstân.

Foto: ANP

De jonge iel komt fan de Frânske kust en hat de ôfrûne moannen yn in Nederlânske kwekerij trochbrocht. Dêr binne se grutter en sterker wurden.

Troch de iel yn Fryslân út te setten kin it grutste part fan har oerlibje.

Jon Visser, foarsitter Frysk bûn fan binnenfiskers

Trefwurden: 
natuer iel Wâldsein
(advertinsje)
(advertinsje)