Kollum: "Al mar neitinke"

06 jun 2018 - 07:56

"Deputearre Jehannes Kramer doocht net. Jehannes Kramer kin syn wurk net oan. Dat sizze de boeren en natoerbehearders yn Fryslân. Se fûnen it earder ek wol, mar se ha it ús no ek ferteld. Mar se seinen it net rjochtút. Dêrom lis ik it efkes út.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

Jehannes Kramer moat yn opdracht fan Europa, Den Haach en Ljouwert noch 2000 bunder grûn oankeapje foar natoer. Ek nochris 4500 bunder ynrjochtsje. Se jouwe him dêr temin jild foar. Seit hy. Hy hat 79 miljoen krigen en moat eins 143 miljoen ha. As ik Jehannes Kramer west hie, hie ik tsjin elk fan dy trije bazen sein: "Ik moat mear jild ha, oars dogge jim it sels mar." Dat sei Jehannes net. Hy sei: "Ik stek der earst gjin jild mear yn, ik wol earst neitinke." Dêrnei hearden we neat mear. Ja, Retze van der Honing, de GrienLinkser, pipe omraak, mar dat docht hy sa faak, dat nimmen it mear hearde.

Likegoed wie it de natoerminsken min nei 't sin. Se gienen byelkoar sitten om ek nei te tinken. Doe't ien ynienen sei: "Mar we kinne toch it measte sels wol dwaan fan dy 79 miljoen." Doe hawwe It Fryske Gea, Natuurmonumenten, Steatsboskbehear en de Friese Milieu Federatie mar gau de LTO, it Kollektiveberied en Bosgroep Noord Oost Nederland der byhelle. De LTO hearde it ferhaal en knikte. Dat is ál wat yn tsjinstelling mei dat se ferline wike rôpen dat fergif noch wol in jier struid en spuite wurde kin om de produksje op peil te hâlden. Mar dit giet om ferkeap fan lânbougrûn, no, der bin boeren dy't wol in kear barre wolle.

Dy sân organisaasjes seine dus tsjin Jehannes Kramer dat se dy 79 miljoen wol ha wolle en der dan wol mei rêde. Eins sizze se gewoan: "Do bist net wiis datsto tinkst dat it sa djoer wêze moat." Se wolle dus gewoan no dat de provinsje him der net mear mei dwaande hâldt. Sy dogge it wol. Jehannes Kramer sei dat hy de efterkant fan harren sigaredoaze wolris sjen wol, en dan beslisse sil. En dan kin je yn de ferkiezingsstriid der takom jier in moai ûnderwerp fan ha. It protserige geëamel fan Sander Ekonomy en Sietske Kultuer kinne de minsken no wol.

Beslisse oer as it meidwaan kin yn de ferkiezingsstriid. Sjoch jim it? As jim no wiken en wiken dwaande west ha om in bôleroaster te keapjen, mar it blykt dat al dy dingen djoerder binne as dy fiif euro dy't je noch yn de bûse ha. En dan komt der ynienen in man dy't seit, jou my dy fiif euro en dy komt dan wer werom mei in bôleroaster. Dêr hoege je net oer nei te tinken, dwaan!

Mar dat kin no net. Want dit is in polityk ferhaal. Sân organisaasjes jouwe de provinsje in brevet fan ûnfermogen, in reade kaart. Want dy organisaasjes hiene it ek swijend dwaan kinnen, mar se ha it yn de iepenbierheid brocht om te fertellen dat Jehannes Kramer net doocht, en dat de mienskip it no allegear mar wer sels regelje sil.

Mar it tsjut ek oan dat in boer foar syn bunders lân mear jild fan de provinsje ha wol, as fan sis mar Staatsbos of it Fryske Gea. Of oaren. En dat de boeren sels, miskien wol fergees, wat meihelpe wolle oan de ynrjochting fan wat se eartiids ferspuiden. Ekologyske haadstruktuer. No hjit soks Natuurnetwerk. Netwerk. De basis om it mienskiplik no wol te regeljen. Wat my fernuveret is dat it dan 64 miljoen skele kinne soe. Dat fyn ik wol in hiel grut bedrach.

Der is dus ek noch wat oars. Der bin yn Nederlân rike minsken dy't har nocht ha fan de lege rinten op de banken. En dan moat je stien of grûn ha. Se keapje grûn. Der binne yn Fryslân in soad ûnderhannelingen oan de gong. Dy keapers kamen net by de provinsje, mar by de boeren en natoerorganisaasjes.

Dat stiet noch net op dy efterkant fan de sigaredoaze. Dat flústerje se Jehannes Kramer aanst yn it ear. Dan kin dy wer earne oer neitinke. Dat it natoerprovinsje Fryslân mar net slagget om sels in goed en foldwaande natoerbelied te realisearjen."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)