''Hege wynturbines Nij Hiddum-Houw smite sûnensklachten op''

05 jun 2018 - 22:18

Hiele hege wynturbinen jouwe sûnensklachten foar omwenners. Dat sizze tsjinstanners fan it wynpark Nij Hiddum-Houw, dat by de kop fan de Ofslútdyk komme moat. Mear as tweintich fan harren sprutsen tiisdei yn by de harksit oer it wynpark, dat fan 2020 ôf 36 megawatt oan wynenerzjy opsmite moat, mei yn totaal njoggen mûnen.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Leechfrekwint- en ynfralûd fan wynturbinen fan mear as 200 meter heech kinne klachten feroarsaakje sa as min sliepe, dûzelich wurde en lêst fan it hert. Undersyk út Sweden, Denemarken en Dútslân soe dat útwiisd ha, skriuwt ûnder mear aksjegroep Hou Friesland Mooi. Dy groep fynt dat de provinsje dêr te min rekken mei hâlden hat yn de Miljeu Effektrapportaazje (MER) en wol útstel fan de proseduere.

Ferljochting

Oare ynsprekkers wize ek op de ferljochting dy't de wynturbinen by tsjuster jouwe. Ek ha se soargen oer it slachskaad dat de wjukken fan de mûnen feroarsaakje.

De provinsje hat al sein mei de inisjatyfnimmers fan it wynpark in monitoaringsprogramma opsette te wollen, sadat mooglike oerlêst fuort metten wurde kin. In ûnôfhinklik orgaan as bygelyks de GGD soe dat dwaan kinne.

Twadde jûn harksite

Takom wike moandei (11 juny) is de twadde jûn fan de harksit. Dan sprekke hast tritich minsken yn. Deputearre Klaas Kielstra is dan ek oanwêzich om fragen te beäntwurdzjen. Provinsjale Steaten sille dan op woansdei 27 juny in definityf beslút nimme oer wynpark Nij Hiddum-Houw.

In bydrage fan ferslachjouwer Andries Bakker

Opnij ferslachjouwer Andries Bakker

(advertinsje)