Groep beheinden bringt besite oan Ljouwerter finzenis

05 jun 2018 - 21:06

In groep licht ferstanlik beheinden fan soarchynstelling Talant brocht tiisdei in besite oan finzenis de Marwei yn Ljouwert. De ferstanlik beheinden gienen yn petear mei detinearren en krigen in rûnlieding troch de finzenis. It boadskip dy't de finzenen de kliïnten fan Talant oerbrochten, wie benammen om op it rjochte paad te bliuwen.

Neffens in begeliedster fan de besikers binne ferstanlik beheinden oer it algemien kwetsber en ienfâldich te beynfloedzjen. ''It giet derom dyn grinzen oan te jaan, en dat is foar dizze groep aardich dreech'', neffens de begeliedster.

(advertinsje)