Nije inketfisksoart ûntdutsen yn de Waadsee

05 jun 2018 - 20:31

Yn de Waadsee binne aaien fûn fan de pylkinketfisk. It giet om grutte stringen mei aaien. Nico Laros fan de Waddenunit wurket al tritich jier op de Waadsee en hat it noch nea earder sjoen. De inketfisk kin sechstich sintimeter grut wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It wetter yn de Waadsee is net al te kâld, dus dat kin de reden wêze dat de inketfisk hjir nei ta kaam is. Neffens Nico Laros fan de Waddenunit wurde se graach iten troch potfisken. Doe't op Teksel in pear jier lyn potfisken oanspielden, sieten yn de mage tûzen bekken fan dizze pylkinketfisken.

Ze hebben tien armen en de bek van deze beesten lijkt op die van een papegaai.

Nico Laros fan de Waddenunit

Benaud wêze dat se swimmers oanfalle, hoege we net te wêzen. Se hawwe gjin gif by har. Mar as se har bedrige fiele, dan spuitsje se swarte inket. Ek foar de oare bisten yn de Waadsee binne se gjin bedriging.

Nico Laros fan de Waddenunit yn Weistra op wei

Trefwurden: 
Waadsee inketfisk
(advertinsje)
(advertinsje)