WK frisbee mooglik yn 2020 yn Ljouwert

05 jun 2018 - 19:38

Ljouwert is opnij yn de race om in grut evenemint binnen te heljen. Dit jier is Ljouwert Kulturele Haadstêd, mar yn 2020 wol de stêd graach it WK frisbee binnen helje.

Foto: ANP

De provinsje stipet dit plan en stelde tiisdei 75.000 euro beskikber. De konkurrinsje is grut. Njonken Ljouwert is in stêd yn Kanada en in stêd yn Australië noch yn de race foar de organisaasje.

Machtich moai as it slagget!

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert

Frisbee wurdt it meast spile yn waarme lannen. Yn Nederlân binne 36 frisbee-ferienings en dêrfan sit net ien yn Fryslân. De organisaasje fynt it dêrom moai om te sjen oft it ek yn Nederlân hâlden wurde kin.

Wethâlder Sjoerd Feitsma yn Weistra op wei

Betingst is dat der foldwaande akkommodaasjes beskikber binne foar de 2500 sporters en begelieders. Ek moatte der genôch sportfjilden wêze en moat der jûns ek wat te dwaan wêze yn de binnenstêd.

Wy hawwe dit eins dien om de dynamyk fan 2018 fêst te hâlden.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert

Ljouwert is dit jier Kulturele Haadstêd, mar wol graach ek nei dit jier dat de minsken hjir hinne komme en dat it yn de belangstelling stean bliuwt. Dat is ek de reden, neffens wethâlder Feitsma, dat de race oangien is. Heal july wurdt bekend oft Ljouwert it WK organisearje mei.

Trefwurden: 
WK frisbee
(advertinsje)