Drokte by harksit oer wynpark Nij Hiddum-Houw

05 jun 2018 - 18:14

It provinsjehûs yn Ljouwert, en net it stedhûs yn Snits, is tiisdeitejûn it toaniel fan in harksit oer de komst fan wynpark Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk. De ferwachting is dat in soad minsken op de harksit ôf komme en dy passe better yn it provinsjehûs.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Yn totaal soene der no al hast fyftich ynsprekkers wêze. In part fan harren sil tiisdeitejûn ynsprekke. De rêst fan har docht dat op de twadde harksit takom wike moandei.

Wynenerzjy

Fryslân moat fan it ryk yn 2020 sa'n 530,5 megawatt oan wynenerzjy leverje. Dêrfan moat 36 megawatt opwekke wurde yn wynpark Nij Hiddum-Houw oan de kop fan de Ofslútdyk. Provinsjale Steaten hawwe ein 2014 dit gebiet al oanwiisd as lokaasje foar it wynpark.

Beswieren

Beswiermakkers, wêrûnder aksjegroep 'Hou Friesland Mooi', wolle in wynpark tsjinhâlde. De groep hat frege de proseduere út te stellen, om't se witte wolle wat de sûnenseffekten fan de mûnen binne. De inisjatyfnimmers fan it park en de provinsje hawwe al tasein dat se in ûnôfhinklike monitoring hawwe wolle fan dy mooglike sûnenseffekten. It giet dan oer lûd, ljocht en it slachskaad fan de wjukken fan de njoggen mûnen, fan wol mear as twahûndert meter heech.

Beslút

Njonken de harksitten fan tiisdeitejûn en takom moandei nimme Provinsjale Steaten woansdei 27 juny in definityf beslút oer wynpark Nij Hiddum-Houw.

(advertinsje)