Minister: 16-jierrigen meie net stimme yn Fryslân

05 jun 2018 - 18:03

In proef fan de provinsjes Fryslân en Seelân om 16-jierrigen takom jier stimme te litten by de provinsjale ferkiezingen, giet net troch. Minister Kajsa Ollongren hat it foarstel ôfwiisd.

Stimme - Foto: Shutterstock.com

Fryslân en Seelân woene jongerein de gelegenheid jaan har stim jilde te litten, omdat troch de krimp yn de provinsjes hieltyd mear fan de jongerein frege wurdt.

Grûnwet

Regearingspartij D66 en ek GrienLinks yn de Twadde Keamer hiene de minister frege om dit eksperimint. Neffens de minister kin dit lykwols net, om't de grûnwet útslút dat je op je sechstjinde al stimme kinne. Boppedat binne der neffens har gjin positive gefolgen fan de ferjonging fan de stimleeftyd.

Alternativen

De minister wol wol sjen hoe't jongeren op oare wizen belutsen wurde kinne by polityk en bestjoer.

(advertinsje)