Alwin (16) fan it Bornego Lyceum is finalist by de Scheikunde Olympiade

Alwin (16) fan it Bornego Lyceum is finalist by de Scheikunde Olympiade
Hy is 16 jier, giet nei skoalle op it Bornego Lyceum op It Hearrenfean en is ien fan de tweintich tûkste learlingen fan ús lân op it mêd fan skiekunde. Alwin Jansen mei him tongersdei melde yn Dinteloord foar de Nationale Scheikunde Olympiade. En dat wylst dat eins foar learlingen fan it eksamenjier is.
Op it Bornego Lyceum binne se mar wat grutsk op Alwin. "Hij moet er heel hard voor werken, maar hij moet er vooral van genieten. Er staat wat op het spel, want als Alwin bij de beste vier komt dan mag hij naar de Europese finale in Praag. Wij zijn trots, dit is prachtig voor de school!", seit dosint skiekunde Frans Meindertsma.