Willem Schoorstra wint Rink van der Velde priis

05 jun 2018 - 17:17

Skriuwer Willem Schoorstra wint dit jier de Rink van der Velde priis. Hy krijt de priis foar it boek De nacht fan Mare.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De Rink van der Velde priis bestiet út in byld fan Anne Woudwijk en in jildbedrach fan twatûzen euro. It boek fan Schoorstra giet oer in frou en in man dy't mekoar treffe by in konsert fan Herman Brood. Se krije in relaasje dêr't ferslaving in rol spilet.

Willem Schoorstra wûn earder ek al de Rely Jorritsmapriis en de Fedde Schurerpriis. Op 15 juny sil de priis útrikt wurde oan Schoorstra.

Nominaasjes

Oare nominearren foar de Rink van der Velde priis wienen Geart Tigchelaar foar syn boek Bêste jonge en Nyk de Vries mei it boek Renger.

(advertinsje)