"Dit soe like gewoan wêze moatte as EHBO"

05 jun 2018 - 17:15

Nei twa dagen kursus MHFA, Mental Health First Aid, bin ik klear om minsken te helpen dy't psychysk yn need sitte. Ik wol graach meidwaan oan dizze kursus fan de GGZ Friesland dy't sûnt koart jûn wurdt. Omdat ik wol helpe wol, mar it net altyd doar. Of hiel earlik sein omdat ik it ek net wit. Hoe stappe je op ien ôf dy't betize is en wat sizze je tsjin ien dy't depressyf is?

Mei myn mobyl as kamera en in holle fol fragen en ferwachtingen stap ik op in moandei it gebou fan de GGZ binnen. Foar de kursus dy't oerwaaid is út Australië en mei sukses al yn 23 lannen jûn wurdt: MHFA. Betocht troch dosint en ûnderfiningssaakkundige Betty Kitchener.

De kommende twa dagen sille we in soad teory opdwaan. Bygelyks dat 40 prosint fan de befolking kâns hat op in psychyske oandwaning. Dan giet it om eangst, depresje of in oandwaning dy't je krije kinne, omdat je drinke, slikke of oare middels brûke.

Foto: Omrop Fryslân

Neist it oerbringen fan kennis is in oar doel it stigma fan minsken ôfhelje. Der is in soad skamte. Je kinne better je skonk brekke, as dat je wat 'yn je holle' hawwe. Want dat fine we aaklik as omjouwing en begripe we net altyd likegoed. We knikke allegear, dat herkenne we wol.

Ik sûgje alle kennnis yn my op. Kursusliedster Iris ten Wolde en har kollega Jehanne fertelle in soad oer psygoazes, depresjes, eangststeurnissen, panykoanfallen, Ik wol alles ûnthâlde, sadat ik it ek wer diele kin. Lokkich krije we ek in kursusboek dêr't alles yn beskreaun stiet.

Belangrijk is om ook goed voor jezelf te zorgen.

Iris ten Wolde, kursuslieder MHFA

De kursusliedsters warskôgje wol dat it bêst heftich wêze kin. Al dizze ynformaasje dy't je oer je hinne krije. En se nimme ek de tiid om sa no en dan nei in ferhaal te lústerjen oer wat ien efkes diele wol. Sûnder dat it echt terapy wurdt, want derfoar sitte we hjir net fansels.

Je moatte je sels ek lekker fiele foardat je in oar helpe kinne. Dus is it belangryk om goed foar jesels te soargjen. Sjoch, dat fyn ik no in hiele praktyske, mar o sa belangryke tip. Ik bring it fuort yn de praktyk de jûns nei de earste kursusdei en plof del foar op de loungebank bûtendoar. Ik lit alles nochris yn my omgean. En kin it net litte om it boek derby te pakken. Ik wol mear witte.

Foto: Omrop Fryslân

Ik moat tinke oan de persoan dy't yn de disko op sneontejûn tsjin my sei: "Leuk je gekend te hebben". Moandeis op skoalle hearden we dat er himsels tekoart dien hie. Ik wie 15 en begrypte der neat fan. No wit ik dat dit in plande selsmoard wie. In hiele bewuste kar. Je hawwe ek de ympulsive selsdeading. Dy minsken wolle net perfoarst dea, mar wolle dat it ophâldt, de pine.

Ik tink oan in oar dy't ik koe, dy't it oant twa kear ta besocht. Ik wenne doe yn hûs by ien dy't hbo-v studearre. Ik ha al har boeken lêzen oer dit ûnderwerp, mar ik koe der neat úthelje. Hjir lear ik dat je it petear oangean moatte. Freegje kinne oft der plannen binne. En nee, soks set net oan ta selsdeading, fersekerje de dames ús. Ik suchtsje mar ris in kear djip. Dit is wol lekker konkreet en praktysk allegear.

"Je bent niet verantwoordelijk voor iemands leven. Net zo min je verantwoordelijk bent voor iemands dood." Ok, dat is ek wier ja. Ik ha wol de drang alles oplosse te wollen. Mar dat kin en hoecht net. In punt dêr't ik oan wurkje. Wy wurde oplaat ta it ferlienen fan earste help.

Foto: Omrop Fryslân

Praktysk

Je begjinne mei de B fan benaderjen. Neist de teory wolle we fansels ek witte hoe't we helpe kinne. Gewoan derop ôfstappe. It petear oangean. Lústerje sûnder te oardieljen. Ai, fyn ik ek lestich. Ik wit dat ik yn myn mimyk ek sterk reagearje kin. "Dus zet liever maar niet van die grote ogen op, Miranda". Okee, ik sil it besykje. Lústerje. Der foar ien wêze. It hoecht ek net altyd grut te wêzen. Je kinne ien dy't it oersjoch net mear hat om wat foar reden dan ek, helpe troch de wask op te tearen. Boadskippen te heljen. De bern fan skoalle helje of by dy boartsje litte. Of oanbiede mei te gean nei de húsdokter. Sjen ek wa't noch mear helpe kinne. De partner. In oare buorfrou. In kollega. Dat is de Z, fan 'zoeken naar professionele hulp'.

Foto: Omrop Fryslân

Krisis

Wat dogge je as ien net mear oansprekber is en betize op de dyk omrint? Op mominten fan akút gefaar dan fuort 112 belje. Dat is dan dyn taak as Mental Health First Aider. It liket somtiden wol oft der hieltyd mear betize minsken omrinne en de ien nei de oar agressyf is. Mar dat is net sa, wurdt ús fersekere. Dat binne de eksessen. De measte minsken mei in psygoaze lûke har werom. En, noch sa'n eye-opener, se binne faker slachtoffer fan geweld as dieder.

Wat ik ek grif mei myn kollega's diele wol is hoe't je minsken helpe kinne dy't tsjûge binne fan wat slims. Want je hoege it net sels mei te meitsjen om in trauma op te rinnen. Hoe better de earste opfang, hoe grutter de kâns dat it goed ferwurke wurdt en gjin trauma wurdt. We kinne blykber hiel wat oan as minsken, as we mar goeie help krije.

Dus dan is it in saak fan jesels foarstelle. Freegje nei de oar syn namme. Hiel rêstich en kalm prate. Fertelle wat ien witte wol mar gjin ûnnedige ynformaasje jaan as der net nei frege wurdt. En sa kin ik noch in hiel soad fertelle. Mar eins, sa fine we as groep, soe elkenien dizze kursus dwaan moatte. Krekt sa as EHBO. No noch in soarchfersekerder fine dy't de kursus fergoedzje wol.

(advertinsje)