Wurksumheden oan brêge feardaam Skiermûntseach

05 jun 2018 - 16:58

It ponton en de fuotgongersbrêge op de feardaam fan Skiermûntseach wurde ferfongen. Ek in tal peallen oan de útein fan it ponton sil ferfongen wurde. De wurksumheden duorje fan 11 oant 26 juny.

De steger fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It wurk op de feardaam kin yn dy wiken foar oerlêst soargje, omdat de daam foar in part ôfset wurde sil. Fuotgongers sille dan oer de autobrêge fan en oan board fan de fearboat gean.

Underhâld

It is de twadde faze fan it ûnderhâld fan de feardaam op it eilân. De earste faze wie yn maaie klear. Dat wurk wie ûnder mear it herstel fan betonskea, it oanbringen fan begeliedingslinen foar minsken mei in fisuele beheining en it pleatsen fan in railing op it westlike part fan de daam.

(advertinsje)
(advertinsje)