Tips foar kuierders Mar-athon Snits

05 jun 2018 - 16:30
Foto: Omrop Fryslân

Maratondravers en leafhawwers fan in stevige kuiertocht kinne harren hert wer ophelje, want op sneon 23 juny wurdt de fiifde Mar-athon yn en om Snits hâlden. In soad minsken hawwe harren yntusken al oanmelden. It evenemint waard de ôfrûne jierren hieltyd grutter. Dielnimmers kinne rûtes fan 10, 21 of 42 kilometer kuierje of 7, 5, 21 of 42 kilometer hurdrinne om de Snitser mar. Om dêr optimaal oan mei te dwaan, hat kuiersporttrainer Gretha de Vries in pear handige tips...

'In echte trainingstip jaan, dêr is it no wat te let foar. De minsken dy't meidogge moatte al op it júste nivo sitte oars bist gewoan te let begûn en dan wurdt it hiel dreech.'

Kuiersporttrainer Gretha de Vries

Tip 1: Lekker foarútsjen!

Ik sjoch sa faak kuierders nei de grûn sjen. Dan tink ik; fine jim it wol leuk om te rinnen, want jim sjogge allinnich mar nei it asfalt. Genietsje der gewoan fan en sjoch lekker om dy hinne!

Foto: Omrop Fryslân

Tip 2: Bliuw ite en drinke

Om it motorke goed op gong te hâlden, moatst om it kertier wat drinke. Net tinke as ik toarst ha dan drink ik wol wat. Dan bist echt te let, want alles moat draaiende bliuwe yn it lichem. Foar it iten jildt dat presys itselde. Nim in banaan, in múslybol of -reep en nim om it heal oere of oere in pear happen. Dus drink en yt op tiid, dan kinst in soad wurk fersette.

Tip 3: Nim noch in pear sokken mei

Nim in pear ekstra skjinne sokken mei sadatsto se ûnderweis ferskjinje kinst. Dêrnei fielst dysels wer hielendal as werberne. En draai dyn sokken om, dus doch se omkeard oan. Hjirtroch krigest gjin drukpunten op de fuotten. En tsjin de waarmte helpt it asto de rântsjes fan dyn sokken oer de skuon hinne dochst. Dat soarget foar wat ferkuolling.

Foto: Omrop Fryslân

Tip 4: In goeie hâlding

De ultime tip is om in goeie hâlding oan te nimmen. Net foaroer rinne, want dan krigest lêst fan de skouders en nekke. En dêr wurdst hiel wurch fan! Dus rjochtop, skouders nei achter en in goeie foetôfwikkeling hantearje.

Ik soe sizze: genietsje derfan en set net te fluch útein. Gewoan rêstich begjinne, dan komt alles goed.

(advertinsje)