Jonge online ûndernimmers sykje inoar op

05 jun 2018 - 16:25

It is de nije generaasje ûndernimmers: de online ûndernimmers. Se wurkje benammen mei bedriuwen op ynternet fia de digitale sneldyk. Ek dy ûndernimmers hawwe ferlet fan kontakt. Dêr is yn Noard-Nederlân no in organisaasje foar oprjochte: YES, Young Entrepeneurs and Startups.

It platfoarm is bedoeld om (jonge) ûndernimmers dy't yn it digitale tiidrek opgroeid binne en online bedriuwen hawwe. De nije generaasje sjocht hiel oars oan tsjin ûndernimmen as de âlde sakelju. Se wolle njonken jild fertsjinje ek wat oan de ferbettering fan de wrâld bydrage. Se binne fernijender en hawwe in dúdlike fyzje, sa sizze de oprjochters fan YES.

Ek yn Fryslân binne der in hiel soad ûndernimmers dy't in digitale saak hawwe. It is net allinnich de Rânestêd dêr't moaie dingen barre, seit ien fan de oprjochters fan YES, Freya Liemburg. Wa't ynteressearre is yn dit foarum kin ynformaasje fine op yesdigital.nl.

Freya Lieburg fan YES

(advertinsje)
(advertinsje)