Beswierskriften tsjin provinsjale besluten ferdûbele

05 jun 2018 - 15:13

It tal beswierskriften dat by de provinsje binnen komt tsjin provinsjale besluten is yn in jier tiid ferdûbele. Dat komt benammen troch it tal beswieren tsjin de útwreiding fan guozzegedoochgebieten en de programmatyske oanpak stikstof.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De kommisje krige yn 2017 yn totaal 397 beswierskriften te ferwurkjen. In jier earder wienen dat der 158. It tal harksittingen wie ferline jier 197. Dat is oardel kear safolle as it jier dêrfoar. Troch de grutte drokte koene lang net alle dossiers binnen de termyn behannele wurde.

Ien beswiermakker: 120 beswieren

Opfallend is dat ien beswiermakker ferantwurdlik wie foar 120 fan de hast fjouwerhûndert yntsjinne beswieren.

Advys: fleksibelere regels

De kommisje beswierskriften jout yn in advys oan de provinsje oan dat se pleitsje foar in fleksibelere regeljouwing om better op de ûntwikkelingen yn de merk yn te spyljen.

(advertinsje)