Petear oer takomst Thialf

© Omrop Fryslân
It reedridersbûn KNSB hâldt freed in parsekonferinsje oer de takomst fan Thialf. Njonken direkteur Koops fan it bûn komme ek Johan van der Werf fan de projektgroep Nij Thialf en deputearre Hans Konst oan it wurd.
Der moat keazen wurde út in folsleine nijbou fan it iisstadion by Sportstad Hearrenfean of renovaasje op it hjoeddeistige plak. Folsleine nijbou moat 120 miljoen euro kostje, renovaasje goed 50 miljoen euro.