Ynbraken yn bedriuwsbuskes

04 nov 2011 - 09:12

De plysje ûndersiket ynbraken yn ferskate bedriuwsbuskes. Yn de ôfrûne wike wiene der ynbraken yn buskes yn Stiens, Minnertsgea, Menaam en Marrum. Yn alle gefallen waard in rút ynslein en dêrnei ark meinommen. De plysje ropt minsken op om de buskes binnen te setten of om de achterkant of sydkant tsjin in muorre te setten. Dêrtroch is it dreger om yn te brekken.

(advertinsje)