Mear noardlike gearwurking

04 nov 2011 - 08:41

Deputearre steaten yn Fryslân wolle de gearwurking mei Grinslân en Drinte fierder útwreidzje. De deputearren litte de steaten witte dat se tefreden binne oer de gearwurking oant no ta. Foar it bedriuwslibben is dêrtroch neffens de provinsje in soad jild binnenhelle. De kommende tiid wolle de trije noardlike provinsjes mear mei elkoar dwaan op it mêd fan romtlike saken en wetter. Der rint al in ûndersyk nei gearwurking op it mêd fan personielssaken.

(advertinsje)