Nije namme museum Grou

03 nov 2011 - 21:58

It museum Trije Gritenijen yn Grou krijt in nije namme: Museum Hert fan Fryslân. De namme is ûnderdiel fan in takomstplan, dat bestjoer en frijwilligers opsteld ha. It museum sit yn de swierrichheden, it rekket in part fan har eksposysjeromte kwyt en hat gjin wissichheid oer de takomstige húsfesting. Likegoed wol it museum in mearwearde foarmje foar de gemeente Ljouwert, dêr't Grou yn 2014 by komt te hearren.

(advertinsje)