Projekten rinne toeristen mis

03 nov 2011 - 20:17

It fallisemint fan de Fryske Stoomtrein Maatskippij hat mooglik ek negative gefolgen foar tal fan lytsere projekten yn de Súdwesthoeke.

De ferwachting wie dat de komst fan de stoomtrein foar in soad ekstra toeristen soargje soe. Dêrom wiene op in soad plakken lytsskalige toeristyske aktiviteiten opsetten. Bygelyks it riden mei in treintsje yn Warkum en de bou fan in houten bok yn Drylts.

(advertinsje)