Fuotbalklup Appelskea wegeret neikompetysje fanwege âlde moardsaak

05 jun 2018 - 13:58

Fuotbalklup VV Stânfries út Appelskea wol net útkomme yn de neikompetysje, om't se spylje moatte tsjin VV Aengwirden út Tsjalbert. Dêr spilet de man dy't alve jier ferlyn Tessa Klaver fan Donkerbroek om it libben brocht hat. Meardere spilers fan Stânfries koene Klaver en wolle net tsjin de man spylje.

De fuotbalklup fan Appelskea degradearret dêrtroch nei de fiifde klasse op snein. It wie foar it bestjoer net in lêstich beslút om har werom te lûken út de neikompetysje, om't de winsk fan de seleksje hiel dúdlik wie. VV Aengwirden wint hjirtroch de wedstriid en promovearret nei de fjirde klasse.

Begryp

It bestjoer fan VV Aengwirden fynt it spitich dat de wedstriid net trochgiet, mar hat begryp foar it beslút. It wie by it bestjoer bekend dat de spiler feroardiele is foar de dea fan Tessa Klaver. Yn in reaksje seit it bestjoer dat hy syn straf útsitten hat en dêrom in nije kâns fertsjinnet. De spiler sels fynt it spitich dat de saak no wêr yn it nijs komt.

Tessa Klaver waard yn 2007 om it libben brocht yn Grins. Har eks-freon krige in selstraf fan acht jier foar deaslach, dy't hy útsitten hat.

KNVB

Neffens de rjochtlinen fan de KNVB komt de beoardieling fan in wegering fan spyljen te lizzen by de oankleier Amateur Fuotbal. Dy besjocht de saak, en beslút dan oft der ek ekstra maatregels nedich binne tsjin de klup. Dêr is no lykwols noch neat oer te sizzen. Mooglik is der takom wike mear dúdlikheid. Stânfries wurdt yn elts gefal al straft om't se troch it beslút degradearje nei de fiifde klasse op snein.

(advertinsje)
(advertinsje)