Hobbeljende dyk nei Ljouwert

05 jun 2018 - 13:36

De dyk nei Ljouwert is gjin fisitekaartsje nei de Kulturele Haadstêd fynt Christiaan Okkema fan Goutum. De A32 sit fol hobbels en kûlen en dêr moat wat oan dien wurde.

Hobbels yn de A32

De dyk is gjin pearel nei Kulturele Haadstêd.

Christiaan Okkema
Leppa Akwadukt - Foto: Omrop Fryslan

Okkema rydt eltse dei oer de dyk en fynt foaral it stikje ter hichte fan it Leppa Akwadukt min. "Het zit vol kuilen en richels", seit hy. Okkema hat yn 2017 in filmke opnaam fan út de auto en dat filmke op YouTube setten. Hy hie skea oan de auto, mar koe net bewize dat it oan de dyk lei. Okkema fynt it frjemd dat Rykswettersteat neat oan de dyk dien hat yn oanrin nei Kulturele Haadstêd. "Ik hoor meerdere mensen klagen over de weg naar Leeuwarden", fertelt Okkema.

It falt wol mei, nei It Hearrenfean is it ek al wer foarby.

Foppe Reitsma

By tankstation de Smarpot oan de A32 lit in frachtweinsjauffeur witte dat hy de dyk ek as min ûnderfynt. "Ik merk it mei it stjoeren en ek yn de rêch", seit sjauffeur Van der Linden. In oare bestjoerder merkt der neat fan. "It falt wol mei, en nei It Hearrenfean is it ek al wer foarby", seit Reitsma.

Rykswettersteat hat witte litten dat der yn it jier fan Kulturele Haadstêd neat oan de A32 dien wurdt. "Dit doen we niet omdat we geen hinder willen geven aan de toeschouwers die naar Leeuwarden komen", seit in wurdfierder. Earder hat Rykswettersteat wol oare wegen oanpakt en ek dilen fan de A32. "In 2019 pakken we de A32 aan", fertelt de wurdfierder. Hoe, wat en wannear der oan de dyk wurke wurdt, dêr wurdt noch oer neitocht. Sa gau as de plannen klear binne, wurde dizze bekend makke troch Rykswettersteat.

Trefwurden: 
A32
(advertinsje)