Stellinga boargemaster Skier

03 nov 2011 - 20:27
Foto: Omrop Fryslân

Sjon Stellinga fan Surhústerfean wurdt de nije boargemaster fan Skiermûntseach. De 53-jierrige Stellinga is troch de fertrouwenskommisje unanym op it earste plak yn de foardracht set. De nije man fan Skier is no noch fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Achtkarspelen. Yn dy gemeente wie er earder ek wethâlder. Sjon Stellinga seit dat er al sûnt syn stúdzjetiid leafhawwer fan it Waadeilân is.

(advertinsje)
(advertinsje)