By De Potmarge 490 soarten planten en bisten fûn

05 jun 2018 - 12:48

Studinten fan Hogeschool Van Hall Larenstein yn Ljouwert hawwe yn natuergebiet De Potmarge yn de stêd 490 soarten planten en bisten registrearre. Dat barde by it evenemint Bioblitz. Der is ûnder oare in tige seldsume rintuorresoarte ûntdutsen, dy't noch net earder sjoen waard yn de provinsje. Ek hawwe de studinten in soarte fan bloedsûger oantroffen, dy't nei alle gedachten folslein nij is foar Nederlân. Fierder is der in seldsume nachtflintersoarte fûn. Dy is noch mar ien kear earder waarnommen yn Fryslân.

By it ûndersyk binne ek noch fjirtjin oare nije soarten foar de gemeente Ljouwert fûn. De stúdzje is in inisjatyf fan Students for Wildlife. Dat binne studinten dy't har ynsette foar de natuer. By de Bioblitz waard ûnder oare gearwurke mei it Natuurmuseum Fryslân.

Trefwurden: 
planten bisten De Potmarge
(advertinsje)