Festivals komme mei pamflet

05 jun 2018 - 11:40

De Verenigde Podiumkunstenfestivals presintearje tiisdei in pamflet 'Festivals, geen ontkomen meer aan'. Dêryn sketse festivals út alle regio's de resinte skiednis, it no en de takomst fan festivals. Ek jouwe se tips foar nij kultuerbelied.

Skylge - Foto: Oerol

By de Verenigde Podiumkunstenfestivals binne ûnder oare it Oerol Festival op Skylge, Into the Great Wide Open op Flylân en it Oranjewoud Festival oansletten. De festivals tinke dat it pamflet in wichtige oanfolling is op de lanlike diskusje oer de takomst fan it kulturele bestel. It pamflet is oanbean oan minister Ingrid van Engelshoven en oan de Ried foar Kultuer.

Trefwurden: 
festival pamflet
(advertinsje)