Opsporing Verzocht jout omtinken oan brânstichting moskee Drachten

05 jun 2018 - 11:33

Yn it tv-programma Opsporing Verzocht wurdt tiisdeitejûn omtinken jûn oan de brânstichting by de moskee oan de Langewyk yn Drachten. Dat wie yn de nacht fan freed 9 op sneon 10 febrewaris, tusken trije en fjouwer oere.

Foto: YouTube Plysje Noard-Nederlân

Fan de brânstichting binne kamerabylden. Dêrop is te sjen dat ien dwaande is mei in brânbere floeistof. De dieder besiket ek in rút yn te smiten. Nei de brânstichting naait dizze persoan út. De plysje die earder al in tsjûge-oprop. Oant no ta is de dieder noch net pakt.

Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn fan healwei njoggenen ôf te sjen op NPO1. De útstjoering wurdt woansdeitemiddei om tolve oere werhelle.

(advertinsje)
(advertinsje)