De Bazuin net nei NBK

03 nov 2011 - 17:35
Foto: Omrop Fryslân

Brassband De Bazuin út Oentsjerk docht dit jier net mei oan de Nederlânske Brassband kampioenskippen yn Grins. Underbesetting is de reden foar it ôfsizzen, twa fakatueres by de band kinne mar net ferfuld wurde.

It is foar it earst yn de skiednis fan De Bazuin dat net meidien wurdt oan de nasjonale kampioensskippen. De band wûn fiif kear de Nederlânske kampioensskippen en sprekt dan ek fan in swiere beslissing om dit jier thús bliuwe te moatten.

(advertinsje)
(advertinsje)