Noarderleech: miljoen nedich

03 nov 2011 - 18:07

Om it bûtendyks lân feilich te meitsjen foar weidzjend fee en kuierders is in ynvestearring fan in miljoen euro nedich. Dat seit boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel.

Der is nei it drama fan 2006, dêr't 20 hynders by omkamen, wol in evakuaasjeplan makke, mar der binne ek praktyske oanpassings yn it gebiet nedich. Ferwerderadiel kin soks net allinnich betelje. De boargemaster wol besykje om hjirfoar in berop te dwaan op it Waadfûns.

(advertinsje)
(advertinsje)