Diel Snits sit sûnder stroom

In diel fan Snits sit tiisdeitemoarn sûnder stroom. It giet ûnder oare om de strjitten Dr. Kuyperlean, Mr. P.S. Gerbrandystrjitte en Slufter. Neffens netwurkbehearder Liander giet it om in spontane steuring yn in kabel. Fanwege de steuring wurkje ek net oeral de spoarbomen, dat liket foarearst noch gjin gefolgen te hawwen foar it treinferkear. Liander hopet de problemen om in oere as healwei alven ferholpen te hawwen. Der is yntusken in monteur ynskeakele.
© Omrop Fryslân