Boerderij.nl: oerlis oer sletten Vion-slachterij

05 jun 2018 - 08:34

De Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit (NVWA) sil yn oerlis mei de Vion-slachterij yn Ljouwert. Dat meldt de webside Boerderij.nl. De krekt iepene slachterij waard koartlyn wer sletten, ûnder oare omdat der folle mear karkassen ôfkard waarden as gemiddeld yn Nederlân. Neffens Vion komt dat omdat de NVWA net yn it hiele lân deselde regels tapast. De NVWA seit dat de kij yn it Noarden fan mindere kwaliteit binne.

Neffens Boerderij.nl binne de juridyske prosedueres dêr't Vion de NVWA mei drige foarearst fan 'e baan. Beide partijen wolle net foarútrinne op de útkomsten fan it oerlis.

(advertinsje)