Kollum: "Sûnens is de nije wolfeartssykte"

05 jun 2018 - 07:22

"In basisskoalle yn Tilburg ferbea ein foarich jier de bern om frisdrank mei nei skoalle te nimmen. Gjin kola, enerzjydrank of fruchtesop mear. Likemin as swiete koekjebrol. Allinne bôle en fruit waard noch tastien. In ferbod mei in suvere yntinsje. De skoallelieding hat ommers it bêste mei de bern foar en wol se sa sûn mooglik hâlde. Tagelyk kin men stelle dat in skoalle der is om te ûnderwizen, net om in wize fan libjen op te lizzen.

De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

Lykwols is it in teken fan de tiid. De oandacht foar sûnens hat noch noait sa grut west as no. Us oerheid warskôget foar in obesitas-epidemy, wylst der op itselde stuit in sûnensbeweging plakfynt dy't bytiden religieuze skaaimerken hat. It lichem as timpel, it lichem as ideaal fan fysike maakberens. Dêrby giet it net allinne om froulju, wat men faaks tinke soe. Jonges en manlju dogge dêr de lêste jirren likehurd oan mei. It tellen fan kaloryen is foar harren krekt sa gewoan wurden as it sa no en dan joggen fan de foarhûd. De hiele dei binne se mei iten dwaande, mei suppleminten en it kweken fan spieren. It hawwen fan in 'eetstoornis' is ek by manlju net mear út 'e regel. Yn Nederlân melde har sân kear safolle jonges mei in ytfersteuring as twa jier lyn. Sa'n 180.000 Nederlanners ha in 'eetstoornis' en 10 prosint dêrfan is in man.

Dêr't it om draait is obsesje. Ast it no dochst fanwege sûnens, fanwegen in killerbody of bygelyks it miljeu of it wolwêzen fan bisten: it is it obsessive dat foar in disbalâns soarget. Letterlik en figuerlik. Lichaamlik en geastlik. In hiele protte saneamde 'foodies' ha ûndergewicht en in tekoart oan fitaminen en mineralen, dy't iroanysk genôch mei gemysk produsearre suppleminten wer oanfolle wurde moat. Faak ha se it permanint kâld. Guon krije problemen mei it hert. Minsken dy't obsesssyf mei iten dwaande binne reitsje yn guon gefallen de libbenswille kwyt. Troch de konstante fokus op wat se wol of net ite meie is domwei genietsjen in toer. Sosjale kontakten wurde yngewikkeld omdat net oeral mear spontaan iten wurde kin. Yn stee fan it libben te libjen giet it om de driuw om it libben te kontrolearjen, krekt salang oant dy kontrôletwang in meunster wurdt. En meunsters binne yn 'e regel wer in ramp foar de sûnens.

Nochris: it draait om obsesje. Fansels is it goed om nei te tinken oer wat je ite. Datst dy derfan bewust bist dat it jin alle dagen foltropjen mei koekjes, sjips en fette snacks net sûn is. Datst op 'e tiid foldwaande griente en fruit krigest. Mar it wichtichst is it sûn ferstân. Dat dy seit datst al dy goedbedoelde advizen, regels en foarskriften fan foodievloggers en selsbeneamde sûnensgoeroes net nedich hast. Datst sa no en dan bêst in patatsje mayo ha meist, in iisko mei in toefe slachrjemme of in broadsje shoarma mei saus. It sûn ferstân dat seit: Releks. Lit dy net gek meitsje. Genietsje. Wy binne hjir mar efkes."

(advertinsje)